Prinses Margriet by sylkamp foar bern mei kanker op 'e Feanhoop

14 jun 2018 - 21:39

Prinses Margriet hat tongersdei in besite brocht oan in sylkamp foar bern mei kanker op 'e Feanhoop. It gie om in saneamd Vakantiekamp Zomerzotheid, sa makke de Rijksvoorlichtingsdienst (RVD) bekend. Zomerzotheid is ien fan de fakânsjekampen fan de Stichting Kinderoncologische Vakantiekampen (SKOV), dêr't Margriet beskermfrou fan is.

Foto: RVD, Anko Stoffels

Oan it sylkamp dêr't prinses Margriet in besite oan brocht, dogge ûngefear fjirtich bern fan 10 oant 16 jier mei ûnder begelieding fan tritich frijwilligers. De bern kinne yn eltse faze fan harren behanneling mei, ek as der mear fersoarging of begelieding nedich is.

De stichting organisearret sûnt 1986 fakânsjes en aktiviteiten foar bern mei kanker. Elts jier binne der fakânsjekampen fan ien wike en organisearret de SKOV in tripke fan hûnderten sike bern en harren famylje.

(advertinsje)