Saak A7-blokkearders foar de rjochter

14 jun 2018 - 20:54

Op 18 novimber ferline jier blokkearre in tal minsken de A7 by De Jouwer om anty-Swarte Pyt-demonstrearders by de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum tsjin te hâlden.

Foto: Omrop Fryslân, Lars Hoekstra

It Iepenbier Ministearje hat 34 minsken oanklage. Ferline wike hawwe der al trije pro-forma-sittingen west. De saak wurdt freed yn in rezjy-sitting behannele. It giet noch net oer de ynhâld. Der wurdt no foaral bepaald hoe't it fierder giet en wat de offisier fan justysje en de advokaten noch nedich hawwe foardat de rjochtsaak echt begjinne kin. De ynhâldlike behanneling begjint yn oktober. Fan de fertochten binne freed ûngefear de helte oanwêzich.

De fertochten binne oanklage foar it iepentlik blokkearjen fan de dyk en it tsjingean fan in demonstraasje. Troch de sneldyk te blokkearjen hawwe de fertochten foar in gefaarlike situaasje soarge. De bussen mei demonstranten waarden klemriden en der ûntstie in file.

De demonstranten wiene ûnderweis nei Dokkum, dêr't se tastimming hienen foar in demonstraasje.

(advertinsje)
(advertinsje)