Eksamens helle, en no? Unwisse situaasje foar soarchlearbuorkerij Lyts Tolsum

14 jun 2018 - 19:59

Trije learlingen fan soarch- en learbuorkerij Lyts Tolsum by Tsjom hawwe eksamens dien en se binne alle trije slagge foar vmbo-tl, de âlde mavo. Posityf nijs, mar op Lyts Tolsum witte se noch hieltyd net oft de bern takom skoaljier noch wol ûnderwiis krije kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De gemeentes, dêr't de, faak autistyske, jongeren weikomme, wolle gjin soarchjild besteegje oan ûnderwiis. De beskikkingen rinne oare moanne ôf. Dus it is in ûnwisse tiid foar de jongeren. "Fanwege burokrasy fan de gemeentes", seit eigener Ernst Rusticus. "Dat se ûnder dy omstannichheden mei súkses eksamens dien hawwe, is wol in prestaasje", fynt Rusticus.

Passend ûnderwiis is in mislearre eksperimint, fynt de Twadde Keamer, mar hoe't it no fierder moat, is net dúdlik. Ek net foar Lyts Tolsum. Der hawwe yntusken wol petearen west tusken gemeente Waadhoeke, de Anna Maria van Schurman-skoalmienskip en konsulinten. Dy wolle in saneamde Einsteinklasse opsette: passend ûnderwiis foar bern mei autisme.

Miskien is der in ljochtpuntsje foar de jongeren fan Lyts Tolsum, want dêr soe ek plak wêze kinne foar de kategory jongeren fan Lyts Tolsum. Al mei al kin de flagge út, want in eksamen helje is in feestlike oangelegenheid.

(advertinsje)