Anty-Swarte Pite-groepen: ''Wij hadden geen verkeerde bedoelingen''

14 jun 2018 - 18:41

It wie net hiel drok tongersdeitemiddei by de harksit oer it ferbod fan de anty-Swarte Pite-demonstraasje yn Dokkum. De ynstek fan twa anty-Swarte Pite-groepearrings: Net allinnich Bonifatius is by Dokkum fermoarde, mar ek it demonstraasjerjocht. De groepen fersette harren tsjin it needbefel en it demonstraasjeferbod dat boargemaster Waanders yn novimber útfeardige om eventueel geweld en rellen foar te kommen.

Foto: ANP

Ferslachjouwer Gerrit de Boer wie by de harksit

Demonstraasjerjocht blokkearre

De twa groepen dy't by de harksit oan it wurd west hawwe, wienen Kick Out Zwarte Piet en Beter Nederland. Sy seinen dat it demonstraasjerjocht harren blokkearre en ferbean is. Dat hie net moatten en ek net hoegd, fine se. "Wij hadden geen verkeerde bedoelingen en we waren niet gewelddadig."

''Veiligheid boven demonstratierecht''

Dêrtsjinoer stiet it stânpunt fan Waanders en de gemeente. Sy seinen dat se meldingen fan de plysje krigen dat it net oars koe, leit de advokaat út: "De burgemeester heeft haar uiterste best gedaan om de demonstratie - zo lang als het nog enigszins verantwoord was - door te laten gaan. Maar toen er informatie van de politie kwam dat het niet langer verantwoord was, zei ze: ik trek er nu de stekker uit. Op een gegeven moment gaat de veiligheid boven de mogelijkheid om een demonstratie te hebben."

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Demonstranten foar Swarte Pyt foarlutsen

Dêr binne de anty-Swarte Pite-groepen it net mei iens. It ferbieden fan harren demonstraasje wie net nedich. Sy hienen ek it gefoel dat in tal partijen Dokkum wol yn koenen, dy't net kontrolearre wienen. Bygelyks fanatike demonstranten foar Swarte Pyt, dy't deropút wienen om de demonstraasje fan Kick Out Zwarte Piet te blokkearjen. Dy minsken koenen wol sa de binnenstêd yn, wylst de tsjinstanners fan Swarte Pyt tsjinholden waarden.

(advertinsje)