Rekôr foar it Grut Frysk Diktee: 680 dielnimmers

14 jun 2018 - 16:45

Yn totaal dogge der 680 dielnimmers mei oan it Grut Frysk Diktee op tongersdei 21 juny. It diktee hat dit jier yn it ramt fan LF2018 in oare opset: it wurdt hâlden op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert en elkenien kin meidwaan, mei as doel ta in rekôr te kommen. Mei in oantal fan 680 dielnimmers is dat slagge.

Wy hiene stikem wol hope dat we boppe de 600 oanmeldingen komme soenen, mar dit is fantastysk.

Sjueryfoarsitter Hindrik Sijens

De organisaasje is tige optein oer it grutte oantal oanmeldingen. Sjueryfoarsitter Hindrik Sijens: "Wy hiene stikem wol hope dat wy boppe de 600 oanmeldingen komme soenen, mar dat it ek echt slagge is, dat is fansels fantastysk."

Ferskate bekende Friezen weagje har ek oan it diktee. Sjonger Jelle B, presintator fan Het Klokhuis Habtamu de Hoop, sjongeres Griet Wiersma, sterke mannen heit en soan Zijlstra, âld-politika Lutz Jacobi en topkok Reitse Spanninga dogge mei.

De tekst is dit jier skreaun troch de presintatrise fan it NOS Jeugdjournaal, Welmoed Sijtsma.

Omrop Fryslân stjoert it Grut Frysk Diktee op tongersdei 21 juny fan 19.00 oere ôf live út op telefyzje en online.

(advertinsje)