GGD komt mei foarstellen foar sûnere libbensstyl minsken mei legere oplieding

De GGD Fryslân wol minsken mei in legere oplieding derta oansette dat se sûner libjen. Neffens de organisaasje hawwe leger oplaten yn trochsneed njoggentjin jier langer lêst fan lichaamlike krupsjes, psychyske klachten en groanyske syktes as minsken mei in hegere oplieding. Dat soe komme omdat de earste kategory mear smookt, alkohol drinkt en grouwer is.
Stopje mei smoke © Shutterstock.com
De GGD wol dit ferskil yn ûnsûne jierren no mei minimaal fjouwer jier ferminderje en presintearret dêrfoar nije wike in plan fan oanpak. Dêrby wurdt benammen sjoen nei de libbensstyl fan de minsken en hokker ynfloed oft it ynkommen en de ekonomyske omstannichheden op de sûnens hat. Minsken yn earmoede soene faker nei drank of in sigaret gripe, sa is de konklúzje fan de GGD.
Undersiker Marijke Teeuw, GGD Fryslân
De GGD kin it net allinnich feroarje, seit ûndersiker Marijke Teeuw fan de GGD Fryslân. "Dat moet je met z'n allen doen." De GGD wurket dêrfoar gear mei gemeenten en oare organisaasjes. Se sjogge nei wat it yndividu feroarje kin en ek wat yn de omjouwing soargje kin foar in sûner libben. Der wurdt sjoen nei wurk, wenning, ûnderwiis. en hoe't jo dy omjouwing beynfoedzje kinne. Dat it foar minksen bygelyks makliker wurdt om nei skoalle te fytsen yn plak fan de bern mei de auto te bringen.