Wurkstraffen foar trijetal nei fjochtpartij yn Ljouwerter binnenstêd

Twa manlju út Surhústerfean en in ynwenner fan De Harkema binne tongersdeitemiddei troch de plysjerjochter feroardiele ta flinke wurkstraffen. It trijetal wurdt ferantwurdlik hâlden foar in fjochtpartij by de Doelesteech yn Ljouwert, yn oktober ferline jier.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Surhústerfeansters fan 20 en 22 jier en de 24-jierrige Harkyt krigen it oan 'e stôk mei trije slachtoffers. De fertochten soene út it neat begûn wêze mei fjochtsjen. Ien fan de slachtoffers hie twa blauwe eagen; in oar hie ferwûningen oan 'e holle dy't hechte wurde moasten.

Ferset

De trije fertochten hienen in soad drank op. Ien fan har fersette him bot doe't de plysjes oankamen. Dêrom foel syn straf heger út. Hy krige in wurkstraf fan 140 oeren en nochris 40 oeren ûnder betingst. De oare twa fertochten moatte in wurkstraf fan 120 oeren útfiere. Ek sy krigen dêr noch 40 oere wurkstraf ûnder betingst boppe-op.

Skeafergoeding

De rjochter wiisde oan de slachtoffers twa skeafergoedingen ta fan respektyflik 950 en 1.156 euro.