Frou (23) krijt wurkstraf foar it ferwaarleazjen fan har katten

In ynwenster (23) fan Noardwâlde hat in wurkstraf fan 40 oeren krigen, omdat se har twa katten slim ferwaarleaze hat. Ien fan de katten wie der sa slim oan ta dat de bistedokter it bist ynsliepe litte moast. De frou hie earder ek al 40 oeren wurkstraf krigen, mar doe't se mei it wurk begjinne moast, slagge de reklassearring der net yn kontakt mei har te krijen.
It skoansuske fan de fertochte hie in melding dien oer de katten. De bisten sieten ûnder de flieën en de sturt fan ien fan de katten wie ferrotte en wie oan it ôfstjerren. De oare kat hie de búk fol wjirms.
De fertochte sei dat se doedestiids yn de problemen siet, wat har relaasje oanbelanget, mar ek finansjeel. Mar de rjochter lies yn de stikken dat se wol nei in wellnesssintrum west hie. "U dacht niet: ik ga maar niet naar de wellness, maar ik breng de katten dan maar naar de dierenarts?", frege de rjochter.
De fertochte hie by de eardere behanneling fan de saak om in jildboete frege, yn stee fan in wurkstraf. Dat fûn de rjochter ek net te rymjen mei it ferhaal dat de frou gjin jild hie om mei har katten nei de bistedokter.