100 jier nei de Suderseewet: komst fan de Iselmar en Ofslútdyk

Ien fan de meast yngripende wetten ea yn ús lân waard hûndert jier lyn yn kalk en semint fêstlein: de Suderseewet. Dêrmei waard it beslút naam ta it ynpolderjen fan in grut part fan de Sudersee én de Ofslútdyk kaam der. It hiele jier troch wurdt mei allegear aktiviteiten fierd dat dy wet hûndert jier lyn fan krêft waard.
Ofslútdyk © Shutterstock.com
Tongersdei begjint it feest, yn Lelystêd, de stêd dy't ferneamd is nei de man dy't de grûnlizzer wie fan de plannen: yngenieur Cornelis Lely. Fansels hat dy Suderseewet ek in soad betsjut foar Fryslân.
Ferslachjouwer Remco de Vries wie yn Makkum
Makkum wie hielendal gjin iuwenâld fiskersplakje. It wie it sintrum fan de 'bouwnijverheid'.
Otto Zijltra, foarsitter stifting Ald Makkum
Makkum bygelyks, is der behoarlik troch feroare. Mar dat it yn in soad toeristyske folders oanpriizge wurdt as in 'iuwenâld fiskersplakje' doocht net, neffens foarsitter Otto Zijlstra fan de Stifting Ald Makkum: "Makkum wie it sintrum fan de 'bouwnijverheid', benammen fanwege de kalkovens. It ierdewurk is dêr bygelyks út fuortkaam. It draaide yn Makkum om hannel yn stien en hout. De fiskerij wie altyd mar marzjinaal fanwege de sânplaat krekt foar de haven."