Fryske ûndernimmers hawwe profyt fan Kulturele Haadstêd-drokte

14 jun 2018 - 14:21

By Fryske saken yn ferskate sektoaren hat Kulturele Haadstêd in posityf effekt op de drokte en finânsjes. Ut ûndersyk fan Merk Fryslân docht bliken dat der oer it algemien in groei fan 20 à 30 persint is kwa minsken én kwa omset ferlike mei foarich jier. Dat jildt foar saken oer de hiele liny: hoareka, detailhannel en ferbliuwsplakken, lykas hotels.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

"Wy ha in stik as 50 bedriuwen yn Fryslân belle", seit Martin Cnossen, direkteur fan Merk Fryslân. "Eins steane se allegear wol op syn minst 10 persint yn de plus en guon ha it sels oer 35 persint. Gemiddeld sit de groei tusken de 20 en 30 persint." En dan sitte der sels hege útsjitters by, seit Cnossen: "Der binne winkels by dy't in groei fan 150 persint sjogge. Dat binne fral winkels dy't foar toeristen ek nijsgjirrich binne. Mar my giet it net om dy útsjitters, ik bin blied dat it oer de hiele liny goed giet."

"Vooral sinds Pasen"

Ien fan de plakken dêr't it hiel drok is, is de Lytse Tsjerkestrjitte yn Ljouwert. By de Zuivelhoeve fernimme se der ek in soad fan, seit Anton Klapwijk. "Vooral sinds Pasen is het hier onwijs druk. Sindsdien zijn we 30 tot 40 procent gegroeid ten opzichte van vorig jaar." Klapwijk ferwachtet dat de drokte ek nei LF2018 trochset. "We zullen volgend jaar niet weer een groei van 30 procent zien, maar we hebben wel veel geluiden gehoord dat mensen terug willen komen. Ik verwacht een jarenlang positief effect."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Profyt fan kongressen en foarstellingen

Bloemist Gerben Reitsma sjocht ek dat it drokker is. "De toeristen nimme net sa gau blommen mei yn de trein of de bus, mar in plante of faas, dat wol. Mar wy ha noch mear profyt fan kongressen bygelyks. En ek yn musea en op oare plakken gebeurt mear. Dêr leverje we dan blommen foar, om wat op te fleurjen of út te rikken bygelyks."

En net allinnich yn Ljouwert ha ûndernimmers profyt fan Kulturele Haadstêd. Slachter Hiemstra yn Seisbierrum waard frege om te leverjen foar de foarstelling Lost in the Greenhouse, dus hy is ek wiis mei LF2018. "It bringt wol wat ekstra's. Wy leveren it fleis, de bakker levere de broadsjes. En sa wienen der wol mear leveransiers dy't der wat oan hienen."

Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei slachter Hiemstra

Martin Cnossen fan Merk Fryslân siet oan tafel by Fryslân Hjoed

Harkje nei toeristen en winkellju yn de Lytse Tsjerkstrjitte

Broadsjebakker Tjisse Steenstra ferkeapet mear dúmkes en sûkerbôle

(advertinsje)