Ynze de Boer werom by ChristenUnie

Ynze de Boer fan Balk is beëdige as kommisjelid foar de fraksje fan de ChristenUnie yn Provinsjale Steaten. Hy folget dêrmei Andries Bouwman op, dy't wethâlder yn Tytsjerksteradiel wurden is. De Boer wie earder Steatelid foar de ChristenUnie, fan 2007 oant en mei 2017. Yn desimber naam hy op eigen fersyk tuskentiids ôfskied fan Provinsjale Steaten.
In kommisjelid of earste opfolger is gjin lid fan Provinsjale Steaten, mar kin wol meidwaan oan it debat yn de Steatekommisje. As der in tuskentiidske fakatuere yn in Steatefraksje is, komt dêrfoar de persoan yn oanmerking dy't it heechst op de provinsjale kandidatelist fan de oanbelangjende partij stiet.