Prins Constantijn nei earste Europeeske wetterdei yn Ljouwert

14 jun 2018 - 12:21

Prins Constantijn komt ein septimber nei de earste Europeeske wettertechnologywike yn Ljouwert. Dat hat it wetterynstitút Wetsus bekend makke. Yn de wettertechnologywike moetsje ferskate partijen op it mêd fan ynnovaasje en technology fan bedriuwen, universiteiten en oerheden elkoar. Sy besjogge hoe't gearwurking bydrage kin oan oplossingen foar ûnder oare wetterfersmoarging en in tekoart oan wetter.

Underdiel fan de Europeeske wettertechnologywike is it jierlikse Wetsus Congres. De earste Europeeske wettertechnologywike is fan 24 oant 27 septimber.

Trefwurden: 
Prins Constantijn
(advertinsje)