Sanquin wiis mei "trouwe" Fryske bloeddonoaren

14 jun 2018 - 11:32

De bloeddonoaren yn Fryslân binne goed trou. Dat seit teamlieder Annie de Jong fan Sanquin Fryslân. Se is tige te sprekken oer de donaren yn ús provinsje: "Minsken komme regelmjittich werom."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Tagelyk kinne se mear bloeddonoaren altyd goed brûke. De Jong merkt dat benammen jongerein it te drok hat om krekt sa regelmjittich as âlderein te kommen. "Dy wolle we hjir folle faker ha, want jong bloed kinne we ek goed brûke!"

Fierder binne de easken foar donoaren de lêste jierren oanskerpe wat reizgjen en wat syktes oangiet. Dêrom is mear bloed tige wolkom. "We ha noait genôch donoaren."

Ferslachjouwer René Koster wie tongersdei by Sanquin

It is tongersdei Wrâld Bloeddonordei: oer de hiele wrâld is der omtinken foar de minsken dy't libbens rêde mei harren bloed. Dit jier is Sanquin frege troch de Wrâld Sûnensorganisaasje (WHO) frege om gasthear te wêzen fan de wrâldwide ôftraap fan Wrâld Bloeddonordei.

(advertinsje)