Ungelok soarget foar flinke skea yn Easterwâlde

Op de krusing fan de N918 mei de N919 Weperpolder by Easterwâlde binne tongersdeitemoarn twa auto's opelkoar botst. De krusing is koartlyn noch oanpakt om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen. Ien fan de bestjoerders soe de krusing oerstekke en seach dêrby nei alle gedachten de oare auto oer de holle. In oanriding wie it gefolch. Meiwurkers fan in ambulânse hawwe de bestjoerders kontrolearre. Se hiene gjin ferwûnings.
© De Vries Media