Dronryp, Tsjerkwert en Baard winne foarrondepartijen op IFK Jeu de Pelote

14 jun 2018 - 10:47

De partoeren fan Dronryp, Tsjerkwert en Baard binne troch nei de earste omloop fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote. Sy wûnen woansdeitejûn harren foarrondepartijen op It Plein yn Easterlittens.

Foto: twitter @KVOnderOns

Dronryp kaam op in foarsprong fan 4-1 tsjin Skearnegoutum. Skearnegoutum kaam wer op gelikense hichte, mar úteinlik wûnen de Rypsters dochs mei 8-5. Itselde senario by Tsjerkwert tsjin Wiuwert/Britswert: dêr wie it 4-1 fan Tsjerkwert, mar fiif earsten letter stie it 5-5. Dêrnei pakte Tsjerkwert mei 7-5 dochs de winst. Baard - Spannum waard net hiel spannend: 8-3.

De foarrondes duorje noch oant en mei tongersdei. De tolve winners fan de foarrondes pleatse harren foar de earste omloop, dy't freed úteinset. Yn dy faze fan it toernoai streame ek de bêste fjouwer partoeren fan ferline jier yn. Dat binne Ljouwert, Winsum, Easterein en titelferdigener Easterlittens.

Op de lêste dei fan de foarrondes steane de partijen Grou - Seisbierrum, Reahûs/Turns - Makkum en Deinum - Wjelsryp op it programma.

Jeu de Pelote is in fariant fan it keatsen dy't ferskilt mei it tradisjonele Fryske spul: sa besteane de partoeren út fiif spilers en is it fjild in stik smeller.

(advertinsje)