Harns krijt in StreetArt Festival

14 jun 2018 - 10:38

Harns hâldt fan 4 oant en mei 13 july foar it earst in StreetArt festival. Yn it sintrum fan de stêd en yn de Willemshaven ferskine dan op syn minst fjouwer 3D-keunstwurken. Dy komme yn de Kleine Voorstraat, foar de Raadhuistoren, op de trep fan it havenplein en by de trochgong fan de Coupure as yntree nei de Willemshaven. Fierders wurdt der in muorreskildering makke op de eardere houtopslachloads Hubert Jans op de Willemshaven. Dêr wurdt ein juny al mei begûn.

Strjitkeunster Leon Keer makket Escher-keunstwurk op it stasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

"Het belooft heel bijzonder te worden, want de allerbeste 3D-kunstenaars van Nederland komen, misschien wel de beste van Europa'', seit Karen Brugman, ien fan de inisjatyfnimmers fan it festival. It is de bedoeling om fan it festival in jierliks evenemint te meitsjen. De gemeente Harns is tige entûsjast en hat der jild foar frijmakke.

Undernimmers kinne der foar kieze om in keunstwurk te sponsorjen en in keunstwurk tichtby har saak meitsje te litten. "Harlingen zal met deze unieke kleurrijke kunstwerken goed op de kaart komen. Dit trekt veel toeristen met verschillende interesses, wat zorgt voor een positief effect op de Harlinger economie'', seit Sue Smeding, ien fan de oare inisjatyfnimmers fan it StreetArt Festival yn Harns.

(advertinsje)