Facebookoprop om nei harksit oer anty-Swarte Pite-demonstraasje te kommen

14 jun 2018 - 08:48

De groep Kick-Out Zwarte Piet ropt op Facebook meistanners op tongersdei nei de behanneling fan har beswierskrift tsjin it ferbieden fan de anty-Swarte Pite-demonstraasje fan 18 novimber 2017 yn Dokkum te kommen. Dy demonstraasje waard mei in needbevel op it lêste momint ferbean, neidat foarstanners fan Swarte Pyt de bussen fan de demonstranten blokkearre hiene op de A7 by De Jouwer. Kick-Out Zwarte Piet hat yn it beswierskrift protest oantekene tsjin dat needbevel.

Blokkade op de A7 by De Jouwer tsjin it protest - Foto: ANP

Kick-Out Zwarte Piet fynt dat mei it ferbod op de demonstraasje, wetsoertreders beleanne binne en freedsume aktivisten dy't neffens de wet hannelje, straft binne. "Samen met onze advocaten willen wij dit aanvechten om zo te voorkomen dat deze vorm van mensenrechtenschending zich in de toekomst opnieuw voordoet", skriuwt de groep yn de Facebookoprop.

Earder rôp de groep ek op om nei in harksit fan de gemeente Rotterdam te kommen, dêr waard in beswierskrift behannele tsjin de arrestaasje fan hast 200 tsjinstanners fan Swart Pyt by in demonstraasje yn Rotterdam.

De harksit fan de beswierekommisje fan Dongeradiel begjint tongersdeitemiddei om 15.15 oere. De kommisje hat in oere útlutsen foar de behanneling fan it beswierskrift fan Kick-Out Zwarte Piet.

(advertinsje)