Boek oer Fryske walfiskfarders: De Traanjagers

Tongersdei wurdt yn Amsterdam in boek presintearre oer Fryske walfiskfarders. Yn it boek De Traanjagers ûnder oaren de ferhalen fan twa âld-walsfiskfarders: Nutte Dijkstra en Durk van der Veen. It boek waard skreaun troch Anne-Goaitske Breteler.
Walfiskfleis ferwurkje © Omrop Fryslân
De walfiskfarders wienen moannenlang fan hûs om yn it Súdpoalgebiet walfisken te fangen en te ferwurkjen yn de jierren '50 en '60 fan de foarige iuw. Sy wennen doetiids yn Easternijtsjerk en fearen twa kear mei de Willem Barendsz mei. Dat wie in walfiskferwurkingsskip, dêr't se yn ploegen fan tolve oeren fleis snije moasten. Swier en riskant wurk, mar dochs sjogge de manlju werom op in moaie tiid.
Do hiest wolris in minne dei, mar yn trochsneed mocht ik it wurk graach dwaan.
Ald-walfiskfarder Durk van der Veen
De 22-jierrige Anne-Goaitske Breteler út Nes (Dongeradiel) kaam op it idee foar har boek yn kafee Bûnte Bok yn Lioessens. Dêr binne allegear walfiskjachttafrielen te sjen en dat yntrigearre har. Nei har stúdzje antropology yn Amsterdam is se oan it boek begûn. Om de ferhalen fêst te lizzen, mar ek om te sjen hoe't in ûnderwerp as walfiskjacht yn in maatskippij taboe wurde kin. In boek foar de walfiskfarders, mar ek foar generaasjegenoaten fan de skriuwster sels.
Durk van der Veen en Nutte Dijkstra mei skriuwster Anne-Goitske Breteler mei it boek De Traanjagers © Ronnie Porte
Boek oer Fryske walfiskfarders: De Traanjagers