Kollum: "Bysûnder"

14 jun 2018 - 07:25

"'Vader regelt helikopter om dochter naar eindgala te brengen.' Want syn dochter hie sein: heit, ik wol wat bysûnders. It wie juster nijs by de NOS, want soks wurdt fansels fan alle kanten filme. De heit waard sels foar de mikrofoan helle: "Ik denk: laten we 's een keer wat anders doen. Het is allemaal limo's, paarden en koetsen, en die dochter van mij is nogal veeleisend. Die zegt: papa, ga eens een keer wat anders voor me regelen. Ik zeg: ik kom met een verrassing voor jou, meis."

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Just, limo's, hynders en koetsen; en dat is sa 'middle class', dêr koe de heit út Lelystêd net mear oan begjinne. Der is yndied wat oan 'e hân mei limûsines. Yn myn jeugd seachst soks allinnich op telefyzje, by útrikkingen fan Oscars of sokssawat. Altyd by eat dêr't in protte jild is, eat sjyks, rike filmstjerren bygelyks, en altyd yn it bûtenlân. It wie wat bysûnders.

Yn Amsterdam, dêr't ik no wenje, komme se fan alle einen en kanten. Foaral op sneon. It is hast opmerkliker as der in gewoane sedan troch de binnenstêd rydt. Foaral omdat it altyd deselde geite- of bokkefeesten binne; en as se der in pak foar hierd ha, dan is dat earder in bananepak as in smoking. Dus dy heit fan de eksamenlearlinge út Lelystêd hie dêr gewoan in punt: limûsines, dy binne mar hiel gewoantsjes, en we wolle wat bysûnders.

Ik moat earlik sizze dat ik my myn eingala net echt werinnerje kin. Neffens my hjitte it doe ek gewoan 'eksamenfeest'. Ik tink dat soks op it Bogerman yn Snits gewoan yn de aula wie, sûnder drank en om alve oere de tl-lampen al oan. Neffens my gie ik gewoan op de fyts.

Mei in helikopter nei it Bogerman gean falt ek noch net ta. Sjoch, dat ding kin my prima ophelje fan 'e pleats oan 'e Ivige Leane. Ik moat de geiten even achter it stek yn 'e jister sette miskien. Ik tink al dat de reade beien út ús mem har strûkjes waaie troch it wyngeweld fan in wjukkelmasine, mar hawar, hingest der in net achter, en dan is dat beiplôkjen ek mar wer klear. Ik moat mei myn galapak oan oer de hikke klimme, en ik sil al wat geitekeutels oan myn kreaze skuon ha, mar dat kin bêst. Einliks nuver dat it net sa gien is.

Dan omheech. Dat fyn ik wol moai, want ik mocht ek graach by de pleats op klimme om op de naal fan it dak te sitten. Dat sil de oare deis ek wol wer moatte, want de pannen fleane fansels oant achter yn 'e finne, troch de sels-makke stoarm. Prachtich útsjoch, dat wol. Rjochtstreeks nei it Bogerman fleane is wat saai, want dat docht sa'n ding fansels yn trije minuten; wat is dêr bysûnder oan. Mar oan 'e oare kant: der stiet oeral fee yn it lân, en myn slagjen soe in aaklik sturtsje krije as nei ôfrin de kij fan de buorlju trije wiken mar min molke jouwe. Dus de rûte, dêr moatte we noch even oer neitinke.

Ik tink dat it grutste probleem by it Bogerman is. Want wêr lande we? Fansels yn 'e buert. It sportfjild, dat kinne we ferjitte, dat fynt de skoalle nea goed. It Julianapark dan. Mar ik tink dat der tefolle beammen steane, en boppedat krigest dan dochs ek al dy opfleanende einen yn 'e wjukken. En fan de blomkeboel bliuwt ek net folle mear oer. Miskien dat der by de Friese Poort in stikje greide is? Mar dat is wol in ein rinnen, en dat rinnen, dat is net bysûnder. Ik tink dat der in oare oplossing komme moat, sa as it ôfsetten fan de komplete Boalserterdyk.

Mar je kinne der fansels fanút gean dat it net by myn helikopter bliuwt. It giet mei helikopters krekt gelyk as mei limo's, hynders en koetsen: foardat je it witte giet elkenien mei de helikopter nei harren eingala. Ik tink dat it in idee is dat de rektor fan it Bogerman en de rektor fan it RSG inoar einliks dan mar ris moetsje moatte, en yn neifolging fan Trump en Kim Jong-un inoar in histoaryske hândruk jaan moatte, en in yntinsjeferklearring opstelle moatte om ta in mienskiplike wjukkelmasinelâningsplak foar harren respektyflike eingala's te kommen. Miskien op it plak fan in fytsestalling? Want dy brûke we dochs net mear.

Tiden hawwe tiden, en dit is de takomst. Want we wolle wat bysûnders."

(advertinsje)