Brân yn Drachtster loads
De brânwacht is tongersdeitemoarn yn aksje kaam foar in brân yn in loads yn Drachten. De brân wie boppe yn it dak fan de leechsteande loads oan de Tussendiepen. Om't der asbest op it dak leit en der in protte reek frijkaam, sette de brânwacht de strjitte ôf. Nei in lytse tweintich minuten koe it sein brân master jûn wurde.
It is noch ûndúdlik wat de oarsaak fan de brân is.