WK sûnder Oranje: we binne foar België en Dútslân

14 jun 2018 - 06:06

It WK fuotbal begjint tongersdei, mar lykas bekend docht Oranje dizze kear net mei. Dus foar wa moatte we no thúsbliuwe, op de bank springe by in doelpunt en yn watfoar kleuren moatte we de boel no fersiere?

Yn in enkête ha Friezen oanjûn watfoar team op har sympaty rekkenje kin. It docht bliken dat Dútslân en België beide skoare, mar België hat krekt wat mear Fryske oanhing. Sa'n 66% kiest foar België tsjin 34% foar Dútslân.

Fan watfoar lân bist fan?

Fryslân stimt op dy fraach mei 28% op België, Dútslân komt op 15% en ek 15% seit gjin farkar te hawwen. Yslân docht it hjir ek goed: lanlik sjoen skoart Fryslân mei it heechste tal fans foar Yslân (7%) en dêrmei komme sy op in fjirde plak.

Foto: Omrop Fryslân

De Belgen kinne dus op de measte sympaty rekkenje, mar is elkenien it dêr dan ek mei iens? No, mear as de helte fan de manlju is supporter fan België (61%) en minder as de helte kiest foar Dútslân (39%).

De froulju ha krekt noch wat mear fertrouwen yn de suderbuorlju (69%), wylst in tredde dochs foar de buorlju yn it easten kiest (31%).

Dus de smink op it gesicht kin yn alle gefallen swart-read-giel, de Belgyske bierkes op tafel, mar ek de Dútske woarst sil hjir en dêr net ûntbrekke.

Alle regionale omroppen ha ôfrûne wykein op harren webside in oprop dien oan it publyk om oan te jaan foar hokker lân se binne by it WK fuotbal, no't Nederlân sels net meidocht. Goed 18.000 minsken yn Nederlân hawwe dêrop reagearre; 80 persint manlju, 20 persint froulju, spriede nei leeftiid en regio. Ek waard frege te kiezen tusken België en Dútslân.

Trefwurden: 
fuotbal WK
(advertinsje)