Tal brânwachtminsken foar it earst yn acht jier wer tanommen

14 jun 2018 - 00:01

Foar it earst yn acht jier tiid is it tal minsken dat wurket by de brânwacht lanlik wer tanommen. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk, it CBS. De groei is mar lyts: yn 2017 is der lanlik ien persint by kaam.

Fryslân is dit jier yn fergelyk mei foarich jier ien fan de regio's mei de leechste groei. Yn ús provinsje naam it tal frijwilligers ta mei 0,6 prosint. By acht fan de fyftjin feilichheidsregio's is it tal frijwilligers sels ôfnommen.

Yn Fryslân is goed 87 persint fan de brânwachtminsken frijwilliger.

(advertinsje)