Dûk yn fertrouwen kolleezje Harns yn bedriuwsfiering by de REC

13 jun 2018 - 23:12

It fertrouwen fan it kolleezje fan Harns yn de bedriuwsfiering by de REC hat in dûk oprûn. Dat sei wethâlder Harry Boon woansdeitejûn yn de riedsgearkomste. Op 31 maaie is der by de ôffalferwurker wer in grutte reekwolk frijkaam, nei in steuring yn de tsjettel. It is noch altyd net dúdlik hokker stoffen hjirby frijkaam binne.

It kolleezje stjoert hjiroer in brief nei de tafersjochhâlder, de provinsje en nei Omrin. Se wol witte oft der noch mear risiko's binne. It kolleezje easket foar 21 juny dúdlikheid oer dizze lêste kalamiteit.

(advertinsje)