Dochs gjin Belgysk partoer op de PC yn Frjentsjer

13 jun 2018 - 22:15

Der sil dit jier dochs gjin Belgysk partoer meidwaan oan de PC yn Frjentsjer. De Belgen wiene útnûge, om't der dit jier fanwegen Kulturele Haadstêd om de PC hinne ek in ynternasjonale keatswike organisearre wurdt yn Frjentsjer.

Om talitten te wurden ta de keats-off foar de PC moast it Belgyske partoer earst noch wol spylje yn in wedstriid fan de KNKB. Fanwegen de drokke Belgyske keatsaginda is dat net mooglik, Nei goed oerlis hawwe de Belgen besletten om ôf te sjen fan dielname.

Trefwurden: 
keatsen Frjentsjer België PC
(advertinsje)