Nije farwei fan en nei Drachten stap tichterby

13 jun 2018 - 21:39

Der liket mear ûndersyk oan te kommen nei de oanlis fan in nije farwei fan en nei Drachten, troch de Hege Warren by De Feanhoop en de Burd by Grou. In mearderheid fan ûnder oaren kolleezjepartijen SP en VVD plus opposysjepartijen lykas de PvdA, ChristenUnie en D66, lizze har der noch net by del dat de oanlis fan de farwei eins net út kin. Sy folgje dêrmei it foarstel fan Deputearre Steaten.

Binnenfeart - Foto: Shutterstock.com

Foar de SP is ek sûnder ekstra ûndersyk no al dúdlik dat de nije feart foar grutte binnenfeartskippen der komme moat. Sy fertrouwe derop dat der mei it nije kanaal flink besparre wurde kin op djoer ûnderhâld oan polder de Hege Warren, troch dy ûnder wetter te setten. Boppedat stjit de feanpolder dan gjin CO2 mear út. De oare partijen wolle dat soarte saken nochris goed útsocht hawwe yn in saneamd gebietsproses.

Foar benammen it CDA wie no al dúdlik dat ien en oar net út kin. Sy wolle dúdlikheid foar boeren en oare belanghawwenden en sizze nee tsjin de nije farwei. Dat lêste jildt ek foar de FNP, PVV, GrienLinks, 50PLUS en de Partij voor de Dieren.

Oer twa wiken nimme Provinsjale Steaten in formeel beslút oer de kwestje.

(advertinsje)