Liesette Bruinsma nei EK paraswimmen yn Dublin

Liesette Bruinsma sil nei it EK paraswimmen yn it Ierske Dublin. Sy is mei fyftjin oare swimmers selektearre troch de bûnscoach. De 17-jierrige Liesette is blyn en swimt yn de swierste klasse. Sy is ien fan de suksesfolste swimsters fan it Nederlânske team.
Nei de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro twa jier lyn waard se keazen ta Olympyske sporter fan it jier. It EK paraswimmen wurdt hâlden fan 13 oant en mei 19 augustus dit jier.