Jouke van Dijk nije foarsitter Sosjaal Ekonomyske Ried Noard-Nederlân

13 jun 2018 - 21:12

Jouke van Dijk fan Holwert is de nije foarsitter fan de Sosjaal Ekonomyske Ried (SER) Noard-Nederlân. Van Dijk wurket as heechlearaar regionale arbeidsmerk by de Ryksuniversiteit Grins en is ek direkteur fan de Waadakademy. De SER jout advys oan wurknimmers en wurkjouwers oer sosjaal-regionale ekonomyske saken.

It advysorgaan bestiet al 25 jier, mar krijt no in oare en lytsere opset. Dat komt mei omdat allinne de provinsje Grinslân no betellet foar it wurk fan de regionale SER. Fryslân en Drinte jouwe gjin jild mear. Wol komt der noch jild fan de lanlike Sosjaal Ekonomyske Ried.

(advertinsje)