Wurksumheden oan knooppunt De Jouwer
Der wurdt woansdeitejûn wer wurke oan it nije knooppunt by De Jouwer. De tarit nei It Hearrenfean út De Jouwer wei is dêrom ôfsletten fan sân oere jûns oant seis oere tongersdeitemoarn.
It ferkear út De Jouwer wei rjochting It Hearrenfean wurdt earst fia Sint-Nyk omlaat.