Wim-Jan Renkema offisjeel ynstallearre as Twadde Keamerlid

Yn Den Haach is Fries om utens Wim Jan Renkema woansdeitemiddei offisjeel beneamd ta lid fan de Twadde Keamer foar GrienLinks. Renkema is dêrmei neist Isabella Diks fan Ljouwert de twadde Fries dy't no foar dy partij yn de Keamer sit.
© ANP
Se neame Renkema de leukste Drint fan it parlemint, mar hy komt út Drachten. Hy wennet yn Meppel. Renkema is bestoersfoarsitter fan ûnderwiiskoepel Ambion op It Hearrenfean.

GrienLinks

Hy is sûnt 1990 aktyf yn GrienLinks en kaam by de ôfrûne keamerferkiezings krekt net yn de Twadde Keamer. Wim-Jan Renkema komt foar GrienLinks yn de Twadde Keamer op it plak fan it opstapte keamerlid Rik Grashoff. Dy moast de keamer ferlitte, om't er net earlik wie oer syn relaasje mei partijfoarsitter Marjolein Meijer.