FIDEO: De folsleine trainingstocht fan swimmer Maarten van der Weijden

De folsleine trainingstocht
It waard swier. Hy moast sels belies jaan op de Iselmar. De sterke wyn makke it foar syn lichem te gefaarlik kâld. Dochs slagge de swimtocht. Tsjin tolven waard Van der Weijden as in wiere Alvestêdewinner út it wetter helle fan de Prinsetún yn Ljouwert.
Foldien spruts er de Friezen ta oer syn training. Nei't er safolle entûsjaste minsken by de wâl sjoen hat, hopet Van der Weijden dat dat ek sa wêze sil as hy yn augustus de folsleine 220 kilometer swimt. In ympresje fan syn 44-oeren duorjende trainingstocht.