Ljouwert is kultureel nijsgjirrich, fine toeristen by Booking.com

13 jun 2018 - 17:25

It liket wol drokker as ea yn Fryslân. Fansels spilet Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 dêr in grutte rol yn. Fernimst it oeral: der binne hast gjin hotelkeamers mear beskikber, campings sitte fol en oeral rinne toeristen mei plattegrûnen rûn.

Ljouwert stiet op plak nûmer 10 fan Nederlânske stêden dy't toeristen by Booking.com oanrekommandearje op it mêd fan kultuer. De ranglist is basearre op wat oare toeristen sizze oer de stêd. Op de webside kinne se de stêd oanbefelje as kultureel nijsgjirrich.

Op it earste plak stiet Den Haag, folge troch Delft, Maastricht en Amsterdam. Yn de ranglist no is in gemiddelde fan de ôfrûne twa jier.

Foto: Omrop Fryslân

Dêrneist is ûndersocht hokker nasjonaliteiten in reis nei Fryslân boeke. Yn Ljouwert sykje Nederlanners, Dútsers en Belgen it faakst nei in hotel of appartemint. Ek Ingelsen, Frânsen en Italianen boeke yn Ljouwert.

Op It Hearrenfean is ek it hotel in populêre oernachtingsplak. Hjir komme deselde nasjonaliteiten. Opfallend is dat ek Poalen hjir graach komme. Itselde blykt ek yn Snits en Drachten.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

LF2018

Mei Ljouwert as Kulturele Haadstêd is oer it generaal in flinke taname te sjen fan it tal boekings yn Fryslân. Hoefolle dat eksakt is, wol Booking.com net bekendmeitsje. Oan de ein fan dit jier is dúdlik wat it effekt fan LF2018 is. De ferwachting is dat Ljouwert dan heger stiet.

(advertinsje)