Foar boargemaster fan Súdwest-Fryslân binne 16 gadingmakkers

13 jun 2018 - 15:50

Sechtjin minsken wolle boargemaster fan Súdwest-Fryslân wurde. Tolve manlju en fjouwer froulju. Fan de sollisitanten binne de measten boppe de 50 jier. Der is mar ien tritiger by en trije binne yn de fjirtich. Fjouwer kandidaten binne al boppe de 60.

Hayo Apotheker - Foto: Omrop

By de gadingmakkers binne fjouwer VVD'ers, trije fan de PvdA, twa fan it CDA, twa fan D66 en ien fan de ChristenUnie. Der binne ek trije sûnder partij en ien fan in lokale partij.

Seleksje

De earste seleksje foar de funksje fan boargemaster fan Súdwest-Fryslân wurdt makke troch kommissaris fan de Kening Arno Brok. Hy bepraat syn seleksje mei de gemeentlike fertrouwenskommisje.

De gemeenteried beslút úteinlik hokker twa kandidaten oan de minister fan Binnenlânske Saken foarlein wurde en yn hokker folchoarder. Doel is dat yn septimber in nije boargemaster beneamd wurdt, as opfolger fan waarnimmend boargemaster Magda Berndsen, dy't Hayo Apotheker opfolge.

(advertinsje)