Minister Slob lokwinsket Jesse Looijenga mei diploma

13 jun 2018 - 15:31

Lykas tûzenen learlingen, siet de Tytsjerkster Jesse Looijenga woansdei fol spanning op 'e bank te wachtsjen op in telefoantsje fan syn skoalle. Mar doe gie de doarbel: minister fan Underwiis Arie Slob stie by him op de stoepe om him te felisitearjen mei syn VMBO-T-diploma.

Jesse is út alle slagge learlingen útkeazen, om't er in spesjaal ferhaal hat. Jesse hat in spiersykte, wêrtroch't syn skoaltiid lang net altyd maklik wie. Dochs is Jesse sûnder problemen slagge. Hy hat sels de HAVO-drompel helle. In hiele prestaasje, fûn ek minister Slob.

Jesse snijt mei minister Slob de taart oan - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Ik fyn alle kamera's en ynterviews hast noch spannender as it slagjen. Dit makkest ek net alle dagen mei!

Jesse Looijenga

Achter de minister oan kamen tsientallen kamera's it hûs fan Jesse en syn âlden binnen. Mei Arie Slob waard de meibrochte taart oansnien, mar oft Jesse der in soad fan sjen koe falt te betwiveljen. De flitsen fan de foto's wiene net by te hâlden. Dêrnei moast er it iene nei it oare ynterview jaan. Tiid om te beseffen dat hy no echt slagge is, wie der hast net.

Trefwurden: 
VMBO Arie Slob Tytsjerk diploma
(advertinsje)