Erwin Zeinstra freed yn aksje op WK fuotbal

13 jun 2018 - 15:01

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra út Dronryp komt freed foar it earst yn aksje op it wrâldkampioenskip fuotbal. Mei kollega-assistint Sander van Roekel en skiedsrjochter Björn Kuipers liedt Zeinstra de wedstriid yn Groep A tusken Egypte en Urûguay. Dy wurdt freed om 14.00 oere spile yn Jekaterinenburg.

It WK fuotbal wurdt dit jier yn Ruslân hâlden.

Trefwurden: 
fuotbal WK Erwin Zeinstra
(advertinsje)