Lêste hân oan nij Lânboumuseum yn Goutum

13 jun 2018 - 14:59

De pleats stiet der al mear as 100 jier, mar hy krijt in nije bestimming: it Lânboumuseum. Fan Earnewâld ferhuzet it nei Goutum. It nije ûnderkommen is in pleats út 1909, in ûntwerp fan de ferneamde Ljouwerter arsjitekt W.C. de Groot.

Lêste puntsjes op de i fan Lânboumuseum

Yn it Fries Landbouwmuseum is in oersjoch te sjen fan de lânbou yn Fryslân fan de prehistoarje oant no. De klam leit op de ôfrûne 100 jier. It measte guod út de kolleksje fan it museum komt út de tweintichste iuw; doe is der in protte sammele. Yn dy tiid waard de suvel fan grut belang yn ús provinsje, foar it maatskiplik libben en it kultuerlânskip. De agraryske sektor wie bepalend foar it Fryske plattelân. Fan de jierren '60 ôf is tachtich persint fan de lânbougrûn ruilferkavele.

It nije lânboumuseum is fêstige yn in bysûndere pleats. It ûntwerp fan stedsarsjitekt W.C. de Groot komt út 1909 en de pleats wie doe hypermodern. Op dizze wize is ek it gebou séls ûnderdiel fan it museum. Ien fan de pronkstikken is de opkeamer mei in behang fan Jugendstil tegels. De hynsteblom op de tegels hat model stien foar it nije logo fan it Fries Landbouwmuseum.

(advertinsje)