Kankerpasjinten wolle ien oansprekpunt ha

13 jun 2018 - 14:31

It is hiel logysk dat kankerpasjinten graach ien oansprekpunt hawwe wolle foar al har fragen, soargen en opmerkingen, mar yn de praktyk falt it net ta om dat te regeljen. Dat seit manager Rob van Boxtel, fan it Oncologisch Centrum fan it MCL yn Ljouwert.

Hy reagearret dêrmei op in ûndersyk fan de NFK, dat is de Nederlandse Federatie van Kankerpatiëntenorganisaties. Ien op de fjouwer pasjinten seit dat der yn har gefal nét sa'n oansprekpunt wie. Sy hiene dat wol graach wollen.

It probleem is lykwols dat meiwurkers fan de sikehûzen faak yn dieltiid wurkje. Ien persoan, dy't altyd te berikken is, is yn de praktyk net te regeljen.

Een next best oplossing.

Rob van Boxtel fan it MCL

It sikehûs yn Ljouwert wurket mei ferpleechkundich konsulinten dy't optrede as oansprekpunt. "Een next best oplossing", sa seit Van Boxtel. De pasjinten hawwe dan net hieltyd deselde persoan dy't se belje kinne, mar it is wol dúdlik wêr't sy wêze moatte. Ek bûten kantoaroeren is der sa'n oansprekpunt beskikber yn it sikehûs.

Undúdliker wurdt it as pasjinten útbehannele binne. Dan giet de soarch werom nei de hûsdokter. "Patiënten vinden dat soms lastig, omdat ze dan de gespecialiseerde zorg kwijtraken". De hûsdokter krijt wol in brief fan it sikehûs, mar hat net meimakke wat der yn de foargeande perioade allegear bard is.

Resint oanpaste wurkwize

De wurkwize by pasjinten dy't mei in fertinking fan bygelyks boarstkanker yn it MCL komme, is frij resint noch oanpast. Yn in protte gefallen wurdt troch ûndersyk dúdlik dat in fertocht knobbeltsje dochs gjin kanker is. Mar pasjinten hawwe dan likegoed ferlet fan ynformaasje en fan ien oansprekpunt.

Trefwurden: 
kanker MCL
(advertinsje)