Hege temperatueren en rein: ideale omstannichheden foar de stekmich

13 jun 2018 - 13:45

Troch it moaie waar mei sa no en dan in bui, binne de stekmiggen der betiid by. Wie de earste generaasje dit jier al earder, de twadde generaasje komt der no ek al oan, wiken earder as gewoanwei.

Neffens Peter Koomen fan Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert kinne minsken oerlêst foarkomme troch bygelyks potten mei wetter yn de tún leech te jitten. Stilsteand wetter is in ideaal briedplak foar de miggen. Fierders helpe horren of in klamboe en kinst smarre, mei bygelyks Deet. Dat wurket it bêste.

Foar de fûgels binne it gouden tiden, want dy ha genôch te iten.

Peter Koomen

(advertinsje)