Tennisser Sander Arends wint earste partij op Rosmalen

Sander Arends © www.orange-pictures.nl
Sander Arends hat woansdei syn earste partij op it toernoai fan Rosmalen wûn. De Ljouwerter spilet dit gersseizoen mei Matwé Middelkoop, no nûmer 31 fan de wrâld. Arends sels is no 68ste.
Se wûnen de earste wedstriid yn twa sets: 6-3, 6-4.
Se treffe it net mei de lotting, want yn de twadde ronde spylje se tsjin de nûmer 1 fan de pleatsing en nûmer trije en fjouwer fan de wrâld Lukasz Kubot út Poalen en Marcelo Melo út Brazilië. Dit duo wûn Wimbledon yn Londen ferline jier. Ek yn Rosmalen binne se titelferdigener.
Matwé en ik hebben altijd een goede chemie op de baan.
Sander Arends
"We hebben een hele goede pot gespeeld," sa lit Arends nei ôfrin fan de wedstriid witte. "De hele wedstrijd waren wij de bovenliggende partij. Matwé en ik hebben altijd een goede chemie op de baan." Dat lêste fynt dûbelmaat Matwé Middelkoop ek: "Het ging zeer goed. Voor een eerste potje samen dit jaar was het erg lekker. Ik kijk uit naar morgen."