Learlingen yn spanning om útslach eineksamens

13 jun 2018 - 13:13
Foto: ANP

De learlingen fan Piter Jelles !mpulse yn Kollum wachten woansdei, lykas alle oare eineksamenkandidaten, yn spanning ôf op de útslach fan it eineksamen. Op de iene skoalle wurde de learlingen belle as se slagge binne of wurde se krekt belle as se sakke binne.

Learlingen wachtsje yn spanning op útslach
Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Yn Kollum sochten de learlingen elkoar allegear op skoalle op. Om de freugde, en miskien ek wol it fertriet, mei elkoar te dielen.

Sander is slagge en hy is hiel bliid. Hy siet wol wat yn spannning. "Ik hie wol ferwachte dat ik slagje soe, mar witst it net seker. Ik wie wol wat earder wekker fan 'e moarn." Hy sil nei de lânbouskoalle yn Ljouwert, want hy wol feehâlder wurde.

100 prosint

Bea Kroeze, direkteur, hat de lêste jierren in 100 prosint hân fan slagge kandidaten. "Dat lukt vandaag net niet, er zijn twee herexamens. We gaan flink aan de slag om ze ook te laten slagen. Ons doel is leerlingen af te leveren met een mooi diploma zodat ze goed een vervolgopleiding kunnen volgen."

Trefwurden: 
Kollum eineksamens
(advertinsje)