Maarten van der Weijden hat de einstreek helle
Swimmer Maarten van der Weijden is woansdei om 12.00 oere oankaam yn de Prinsetún yn it sintrum fan Ljouwert. Dêrmei sit syn training foar de swim-Alvestêdetocht derop. De eardere Olympysk kampioen wie moandeitemiddei om fjouwer oere yn Amsterdam oan syn training begûn.
De lêste meters fan Maarten van der Weijden
De training fan Van der Weijden wie in tarieding op de Alvestêdetocht dy't hy yn augustus swimme sil. In diel fan it oefentrajekt, in stik oer de Iselmar oant en mei Starum, waard mei in boat ôflein. Troch min waar en wyn wie syn lichemstemperatuer nei in minimum sakke.
De training wie ek bedoeld om materialen te testen. Sa waard in ljochtbril, dy't him wekker hâlde moast, test. En termopillen, dy moasten him waarm hâlde yn syn swimpak. Van der Weijden rûn noch in pear oeren fertraging op, omdat hy teste woe hoe't syn lichem reagearre op in 'powernapje.