Widdo Van Seggeren op 'e nij foar de rjochter

13 jun 2018 - 10:18
De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De 34-jierrige widdo fan de fermoarde Tjeerd van Seggeren stiet woansdei op 'e nij foar de rjochter. It giet om in saneamde pro-formasitting dêr't yn sjoen wurdt as de frou langer fêstsitten bliuwe moat. De frou wurdt fertocht fan belutsenens by de dea fan har man út Kollumersweach. Tjeerd van Seggeren is ferline jier july troch in hurd of stevich foarwerp op syn holle slein. Mooglik hat syn frou slein, mar it kin ek wêze dat in oar it dien hat. Justysje giet der ek fan út dat se net allinnich wie.

De 37-jierrige Van Seggeren waard begjin july dea fûn yn in greide by De Westereen.







(advertinsje)