Eindhovens Dagblad: akkoart oer ferkeap Dumfries oan PSV

13 jun 2018 - 08:53
Foto: www.orange-pictures.nl

SC Hearrenfean en PSV hawwe nei wiken fan ûnderhanneljen in akkoart berikt oer de ferkeap fan Denzel Dumfries oan de Eindhovenaren, dat skriuwt it Eindhovens Dagblad. In befêsting fan de klups is der noch net, mar neffens ynwijden sil Dumfries woansdei om tafel mei PSV en binne der nei ferwachting gjin beheiningen foar in flugge oergong nei it Philips Stadion. De fuotballer ferhuzet neffens de krante dy kant op foar in priis fan sa'n 5,5 miljoen euro.

Dumfries (22) kaam ferline jier fan Sparta nei SC Hearrenfean. Hy woe graach op koarte termyn de stap nei PSV meitsje, omdat er him by dy klup sportyf en finansjeel ferbetterje kin.

(advertinsje)