Maarten van der Weijden rint fertraging op troch 'powernap'

13 jun 2018 - 07:58
Foto: ANP

Swimmer Maarten van der Weijden hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in pear oeren fertraging oprûn by syn training foar de swim-Alvestêdetocht. Hy komt dêrtroch ek in pear oeren letter oan op syn einbestimming: de Prinsetún yn Ljouwert. "In de nacht nam zijn snelheid iets af en moest hij testen hoe zijn lichaam zou reageren op een powernapje'', seit in wurdfierder fan de eardere Olympysk kampioen tsjin it ANP. "Die test is geslaagd: hij heeft even geslapen.''

Maarten van der Weijden yn Baard - Foto: ANP

Van der Weijden begûn moandei oan in training fan 143 kilometer as tarieding op de Alvestêdetocht dy't er yn augustus swimme wol. Mei dy aksje wol er safolle mooglik jild ynsammelje foar kankerûndersyk. Syn doel om de Iselmar oer te swimmen slagge fanwege drege omstannichheden net. Dêrom waard er mei in boat nei Starum brocht dêr't er tiisdei tusken de middei it wetter wer yn gie.

Mensen blijven letterlijk uit hun bed hiervoor.

De wurdfierder fan Maarten van der Weijden

Om seis oere woansdeitemoarn hinne wie Van der Weijden sa'n tweintich kilometer foar Ljouwert, dêr hopet er dyselde dei tusken alven en tolven oan te kommen. "Hij is weer vol energie, ook door alle fans die langs het water staan'', seit syn wurdfierder. "Het is echt overweldigend wat er gebeurt. Mensen blijven letterlijk uit hun bed hiervoor. In Baard is zelfs een plaatselijke horeca-ondernemer om 4 uur 's nachts opengegaan om koffie te schenken.''

(advertinsje)