Doarpen lâns De Boarn fertelle har skiednis yn 'De Tocht'

De Tocht is in projekt fan LF2018 dat in prachtich gebiet fan Fryslân ûnder de oandacht bringt: it streamgebiet fan de rivier De Boarn, fan it Keningsdjip by Bakkefean oant Jirnsum, dêr't De Boarn oait útkaam yn de Middelsee. De bewenners fan seis doarpen oan De Boarn fertelle har skiednis op teätrale wize.
It publyk makket De Tocht yn 'e bus. Ferslachjouwer Jaring Rispens hat foar Omrop Fryslân in reportaazje makke, mei dronebylden dy't De Boarn moai sjen litte.
Doarpen lâns De Boarn fertelle har skiednis yn 'De Tocht'
Der binne seis doarpen dêr't De Tocht lâns giet. Bakkefean wie eartiids in wyldernis fan bosk en sompe, slim ferneamd troch omreizgjende rôvers. Beetstersweach wie it berteplak fan jonker Tinco Lycklama à Nijeholt, dy't it hegerop socht yn it flamboyante Cannes. De opstân yn de turf yn Nij Beets wurdt troch teätermakker Folkert Wesseling op libbensechte wize foar it fuotljocht brocht. Yn de achtste iuw wie Aldeboarn njonken Dokkum it belangrykste plak fan Fryslân, trochdat it sa strategysk lei oan De Boarn. Akkrum is op 'e kaart set troch Folkert Kuipers, dy't it as Frank Cooper makke yn Amearika. En it lêste doarp oan De Boarn is Jirnsum, dêr't de bewenners in bynamme krigen: de Jirnsumer Katten.
De busreis by De Boarn del wurdt fjouwer kear makke: op 9 en 10 juny en op 16 en 17 juny. Der wie in protte animo foar, dat alle reizen binne al útferkocht.