Kollum: "Mienskip op de dyk"

13 jun 2018 - 07:50

"Kollumnisten hearre eins net op elkoar te reagearjen, dus doch ik dat wol in kear. It giet om myn o sa leave jongere kollega Ferdinand de Jong. Dy hat sneon nammentlik justjes de ferkearde toetskes fan syn kompjûter oanslein. Hy gie der fan út dat alle bumperklevers mei in heechswangere frou ride en dus kleve meie. Hy fynt ek dat je net 50 ride meie op in 60-dyk, dan moatte je minimaal 60 ride. Ensafuorthinne. En ik sprek no Ferdinand ta, mar der binne in hiel soad Ferdinands.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Fryslân hat alve stêden en 422 doarpen. It iepenbier ferfier kin dat lang net benei komme. Dat is net oars. De mienskip tinkt op 't heden ek oars oer it libben. Sels de lange rigels fytsende skoalbern binne beheinder wurden. Heiten mei fytsen efter op de auto ride de bern nei skoalle. Beppe wurdt nei it sikehûs brocht foar de kontrôle. It ûnôfhinklike Fryslân is folslein ôfhinklik fan de auto wurden.

Tusken dy 422 doarpen rinne soms lytse dykjes. En de boeren, molke-ophellers, frachtriders en buskes mei ynternetpakjes krije hieltyd grutter ark. Dat soarget der foar dat de tsjinkommende auto hieltyd mear oan de kant skood wurdt. Dat soarget ek dat je net maklik mear immen ynhelje kinne.

Der binne autobestjoerders, lykas ikke, dy't deabenaud wurde as der wer sa'n hastige triuwer efter har sit. Sa'n klever, dy't dúdlik makket dat je wat hurder ride moatte want hy of sy kin jo net foarby. Mar ik soe se dringend freegje wolle op wat begryp foar âlde of oare riders. Lokkich wie fan 'e wike de feilichste sjauffeur fan Nederlân in Fries, al kaam hy net út Boarnburgum.

En yndied Ferdinand, as it kin gean ik sa no en dan oan de kant, om sa'n triuwer foarby gean te litten. Mar ik ha de fûst en de finger omheech, sa lulk bin ik fan de lju dy't sa ticht efter je ride dat je noait mear doare te remjen, want dan sit hy boppe op je. Je doare net iens te remjen om se der lâns te litten. En fansels, sa no en dan ryd ik ek efter guon dy't sykje, of net sa hurd doare te riden. Mar, harkje goed allegear, der bestiet gjin minimumsnelheid. Oars soene dy trekkers der ek net komme meie.

It moaiste foarbyld tsjintwurdich is De Himdyk tusken Blauhús en Tsjerkwert. Dy dyk krige in pear jier lyn it predikaat minste dyk fan Fryslân. Dy ha se opknapt. Moai. Mar twa auto's kinne elkoar net tsjinkomme, dan binne se de spegel kwyt. Lit stean passeare. Dus binne der hjir en dêr úthamkes makke en dan kin de ien efkes stilstean en de oar der lâns litte. It moaie dêrfan dat yn dy auto's lju de hân efkes freonlik opstekke, betanke foar it ynhâlden. Ja der ride sa no en dan ek hufters de stikken fan de beammen, mar oer it generaal is it krekt no, yn 2018, de earste dyk dêr't in mienskip oan it ûntstean is. Je moat rekken mei elkoar hâlde. It hân opstekken, noch gebrûklik op it wetter, docht hiel Frysk oan. Fytsers en kuierders fiele har dêr feiliger as op oare plakken.

Mar Ferdinand hat gelyk, der is ek in kategory riders dy't fynt dat it ferkear in wedstriid is. Dat je fjochtsje moatte om elke meter, om mar trije sekonden earder thús te wêzen as in oar. Dy't dy dyk net mienskiplik brûke wolle, inkeld foar harsels. Dy wolle ek net in meter rinne, wolle altyd oeral foaroan stean, altyd earste wêze.

Dêrom wol ik no, yn 2018, al dy minsken yn reade, oranje of giele hesjes eare. De hûnderten frijwilligers dy't by dy ûntelbere eveneminten yn Fryslân allegear op dy parkearplakken steane. Jo wize wêr't je stean moatte. "Jo kinne noch in sintimeterke foarút, dan kin der noch ien stean." En dy't al dy bombaarje fan foardringers rêstich oer har hinne gean litte en wize op it wurd mienskip. Ik freegje in grut applaus foar dizze lju.

Miskien klapt Ferdinand, dy't it stikje allinne mar skreau om heare te litten dat hy in nij buske mei logo hie, wol efkes mei foar dy oars noait eare frijwilligers."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)