Ofskied fan de Salomon Levystrjitte mei in reüny

Klaske Ferwerda oer de Salomon Levystrjitte
Nostalgyske gefoelens by âld-ynwenners fan de Salomon Levystrjitte op De Westereen by it ôfbrekken fan de strjitte. Dêrom komt der freed in reüny. Klaske Ferwerda wenne as bern yn de jierren fyftich en sechstich yn de strjitte, in echte folksbuert dêr't noch mienskipsgefoel wie. Foar Klaske en âld-buorfamke Nettie oanlieding om te besykjen mei safolle mooglik minsken freed in moai ôfskied te organisearjen. Noch in 'last goodbye', seit Klaske. Mei in kuier en foto's meitsje. Dêrnei fansels nei de bar Old Dutch foar in drankje.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Klaske hat tige waarme oantinkens oan de strjitte. De minsken soargen foar inoar. De âldjiersjûnen wienen altyd in grut feest mei polonêzes fan hûs nei hûs.
Healwei de jierren fyftich wiene de huzen yn de strjitte hypermodern foar dy tiid. Se wiene de earsten mei in dûs. Oare ynwenners fan De Westereen giene faak noch nei it badhûs. Ut de gek waard dan wolris sein dat de bewenners fan de strjitte it heech yn 'e bol hiene.
De reüny is freedtemiddei fan 17.30 oere ôf op it Marktplein op De Westereen.
De huzen gean tusken no en trije wiken echt tsjin de flakte.
Klaske Ferwerda wiidweidiger oan it wurd oer de Salomon Levystrjitte
Klaske Ferwerda hat op har Facebookside mear ynformaasje oer de reüny set.
Leech hûs yn de strjitte © Omrop Fryslân, Simone Scheffer