Undernimmers litte harren ynformearje oer gefolgen Brexit

12 jun 2018 - 22:29

1500 oant 2000 bedriuwen yn it noarden fan Nederlân sille gefolgen ûnderfine fan de Brexit, it fuortgean fan it Feriene Keninkryk út de Europeeske Uny. Sa'n 50 ûndernimmers lieten harren tiisdei op in gearkomste ynformearje oer de gefolgen fan de Brexit.

Gearkomste yn hotel Tjaarda Oranjewâld - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De Brexit kin foar alderhande bedriuwen fan ynfloed wêze, mar benammen de transportsektor sil aksje ûndernimme moatte om de Brexit goed troch te kommen. Reizen fan frachtweinen bygelyks kinne langer duorje, omdat de dûane wer ynsteld wurdt. Ek sil der mear papierwurk achterwei komme. Mar ek oare bedriuwen moatte harren goed tariede op de Brexit.

Noch net in soad dúdlik

Op de gearkomst fan tiisdei yn hotel Tjaarda waard dúdlik dat der eins noch net in soad dúdlik is. De ûnderhannelingen binne noch drok dwaande en de polityk is der noch lang net út. Op de gearkomst waard benammen warskôge alfêst op ferskate senario's ta te rieden. De hurde Brexit is dêryn de meast fiergeande. Dêrnjonken binne noch ferskate oare mooglikheden.

Doemsenario

Ien fan de ûndernimmers op de gearkomst wie Bowe de Vries fan Nielsen-Massey Vanillas yn Ljouwert. Hy woe graach mear witte oer wat te dwaan by de Brexit. It bedriuw dat hannelet yn fanylje-ekstrakten hat in soad saken yn Ingelân. As it doemsenario útkomt, soe it samar wêze kinne dat mar de helte fan it bedriuw oerbliuwt. Op de gearkomst stuts hy net it measte op. Mar der net hinne gean, seit hy, soe noch minder ynformaasje jaan. De kommende tiid sil hy dochs ferskate senario's trochnimme.

De Brexit stiet pland foar takom jier maart.

Bowe de Vries, Guido Landheer en Roel van 't Veld oer de gefolgen fan de Brexit

(advertinsje)