Kuorballers LDODK winne noardlike beker, Havic wint by aspiranten

12 jun 2018 - 22:15

De kuorballers fan LDODK hawwe tiisdeitejûn yn Zuidlaren de Jan Mulderbeker wûn. Dat is de beker foar ploegen út de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte. Yn de finale wie LDODK mei 33-17 fierstente sterk foar Nic. út Grins.

Havic B1 wûn de beker by de junioaren - Foto: twitter @HAVIC_FRL

Foar de trainer fan LDODK, Henk Jan Mulder, wie de bekerwinst om meardere redenen spesjaal. De beker is ferneamd nei syn heit, dy't yn 2006 stoar. Boppedat wie Nic., de tsjinstanner yn de finale, syn foarige klup. Yn de heale finale hie LDODK ek al wûn fan in oare âld-klup fan Mulder, Drachten.

Aspiranten

By de aspirantebeker stuts Havic B1 der boppe-út. De ploech út Kollum en De Harkema wûn mei dúdlike sifers fan Drachten B1: 28-9. Sneon kin Havic B1 it seizoen noch moaier meitsje: se kinne dan yn Bennekom harren sechsde lânstitel pakke.

Junioaren

By de junioaren wie der gjin Frysk sukses. LDODK A1 stie yn de finale, mar koe it net winne fan AVO út Assen: 19-15.

Trefwurden: 
kuorbal Havic LDODK
(advertinsje)