Menaam, Boalsert en Hartwert troch nei earste omloop IFK Jeu de Pelote

12 jun 2018 - 22:04

Menaam, Boalsert en Hartwert binne de partoeren dy't harren op de spannende twadde dei fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote pleatst hawwe foar it haadtoernoai. Sy wûnen harren wedstriden yn de foarronde op It Plein yn Easterlittens.

Foto: twitter @KVOnderOns

Menaam wie mei 7-3 te sterk foar Wommels. By de oare twa wedstriden ûntrûnen de partoeren elkoar net in soad: Boalsert wûn mei 6-5 fan Lollum/Waaksens en dêrnei pakte Hartwert de oerwinning tsjin Stiens: 7-6.

De foarrondes duorje noch oant en mei tongersdei. De tolve winners fan de foarrondes pleatse harren foar de earste omloop, dy't freed úteinset. Yn dy faze fan it toernoai streame ek de bêste fjouwer partoeren fan ferline jier yn. Dat binne Ljouwert, Winsum, Easterein en titelferdigener Easterlittens.

De folgjende trije foarrondepartijen binne woansdei. Dan steane Skearnegoutum-Dronryp, Wiuwert/Britswert-Tsjerkwert en Baard-Spannum op it programma.

Jeu de Pelote is in fariant fan it keatsen dy't ferskilt mei it tradisjonele Fryske spul: sa besteane de partoeren út fiif spilers en is it fjild in stik smeller.

(advertinsje)