Oranjefroulju pakke oerwinning yn Abe Lenstra Stadion yn blessueretiid

De reaksje fan Sherida Spitse
De Nederlânske fuotbalfroulju binne der tiisdei op it nipperke yn slagge om yn it Abe Lenstra Stadion fan Slowakije te winnen. Lieke Martens makke yn de twadde minút fan blessueretiid de iennige goal fan de wedstriid: 1-0. Dat smyt trije wichtige punten op yn de striid om WK-kwalifikaasje.
Sherida Spitse tsjin Slowakije yn it Abe Lenstra Stadion © www.orange-pictures.nl
Nederlân, mei Sherida Spitse út Snits yn de basis, spile grutte dielen fan de wedstriid op de helte fan Slowakije, mar koe lange tiid mar net skoare. Slowakije hie noch gjin punt pakt yn de WK-kwalifikaasje, mar makke it Nederlân dochs hiel dreech. De Slowaakske keepster Maria Korenciová spile dêr in belangrike rol yn: sy hold de iene nei de oare doelpoging tsjin.
Dat duorre dus oant yn de blessueretiid. Doe krige Martens de bal op de râne fan it strafskopgebiet. Har skot draaide de fiere hoeke yn, bûten it berik fan Korenciová.

Konkurrint Noarwegen

Troch de oerwinning komt Nederlân yn de kwalifikaasjepûl op 19 punten út 7 wedstriden. Dêrmei behâldt Nederlân in foarsprong op de grutte konkurrint Noarwegen. Yn de lêste kwalifikaasjewedstriid, dy't op 4 septimber yn Noarwegen spile wurdt, hat Nederlân dan oan in lykspul genôch.